Helmholt wint earste ljepperij

15 maaie 2010 - 17:45
  • Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)

Bart Helmholt fan Burgum hat de earste fierljepwedstriid op De Jouwer wûn. Mei in nij skânsrekôr fan 19,71 liet er de konkurrinsje achter him. Thewis Hobma fan Easthim kaam mei 18,64 noch it tichtste by. It âlde skânsrekôr (19.37) stie ek op namme fan Bart Helmholt.

By de froulju gie de oerwinning nei Hiske Galama fan De Haule (13.70), by de junioaren wûn Nard Brandsma fan It Heidenskip (17.90). Gregor Boelens fan Baaium wûn by de jonges mei 15,23.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)