Fiftiesfestival yn Frjentsjer
Frjentsjer gie sneon werom yn 'e tiid nei de jierren fyftich. Foar it earst waard yn 'e binnenstêd in rock 'n roll-festival organisearre. Der wie live-muzyk, it earste Frjentsjerter hoelahoepkampioensskip en der wiene ek Solexen en oare oldtimers te sjen.
Yn in grutte iepenloftbioskoop op it Sjûkelân wurdt sneon de film Grease fertoand.