Minút stilte yn Hurdegaryp

15 maaie 2010 - 16:00

De fuotbalferiening fan Hurdegaryp stie sneon stil by de tragyske dea fan it echtpear Pijlman. De Hurdegarypsters kamen fan 'e wike om by de fleanramp yn Tripoli. Marten Pijlman wie aktyf belutsen by de fuotbalklup en ien fan syn soannen is keeper by it tredde alvetal.

Om kertier oer twaen waarden de wedstriden in minút stillein en sammelen alle spilers en tsjinstanners harren op it haadfjild. Der waard boppedat spile mei roubannen om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)