Stellen auto op spoarrails fûn

In auto dy't stellen wie nei in ynbraak yn in wente yn Ljouwert is deselde nachts weromfûn op it spoar. Hy stie dêr parkeard. By de ynbraak yn in hûs oan 'e Gealannen waarden de autokaaien meinaam. Mei dy kaaien is ek de auto, dy't foar de doar stie, stellen.
De plysje fûn de auto op it spoar by Achter de Hoven werom. De auto is meinaam nei it plysjeburo foar spoare-ûndersyk.