Roemeen rydt op minsken yn

15 maaie 2010 - 15:17
  • De Weaze yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

In 27-jierrige Roemeen is freedtejûn op 'e Weaze yn Ljouwert mei de auto op in groep minsken ynriden. Plysje's op 'e fyts rôpen de man troch syn iepen autorút ta dat er stean bliuwe moast. Mar de man besocht lykwols út te naaien.

Op it Blokhúsplein sette de Roemeen de auto stil en waard er oanhâlden. De man wegere te blazen. Hy is meinaam nei it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)