Trije Alvestêdetochten tagelyk

15 maaie 2010 - 14:38

Neffens tradysje binne der sneon wer trije Alvestêdetochten yn Fryslân. De kuierders rinne de lêste etappe nei Ljouwert. De earsten binne om in oere as alve oankaam. Fan 'e 1300 rinners hawwe 800 alle fiif dagen dien. Fan hreen hawwe 46 de ein net helle.

Fierder binne der 400 âlde auto's en 200 âlde motors ûnderweis, fan Wikel út. Fierders is der ek noch de Alvestêderoeitocht. Dy is freedtejûn begûn. De finish is yn Ljouwert. Foar it earst is de rûte langer as 200 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)