Cricket werom yn Fryslân

Yn Angelsaksyske lannen en de eardere kolonyen fan Ingelân is criket in ferneamde sport
Foar it earst sûnt 120 jier docht in cricketteam út Fryslân mei oan 'e lanlike kompetysje. De Cricketclub Fryslân wûn dizze wike fan it twadde team fan Arnhem mei 140 runs.
De Fryske criketclub traint sûnt twa jier yn Sportstêd Hearrenfean. Der wurdt op dit stuit wurke oan in nij fjild op sportpark 't Heidefjild yn Jobbegea. Dat moat foar de simmer klear wêze. Om 1880 hinne waard der ek crickete yn Fryslân.