Lejsal by SC Hearrenfean wei

15 maaie 2010 - 13:37

Hearrenfean sil net fierder mei keeper Martin Lejsal. De Tsjechyske keeper waard hierd fan Brno, mar hy krijt gjin kontrakt. Hearrenfean sil noch op syk nei in nije keeper. Dy moat dan de konkurrinsje oangean mei Brian Vandenbussche en Kenny Steppe.

Harmen Zeinstra sil noch in jier fierder by Emmen en Diederik Bangma sil benammen by de beloften spylje. Earder waard al bekend dat Hearrenfean net fierder sil mei Henk Timmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)