Nije katte-opfang yn Lúnbert

15 maaie 2010 - 13:14

Dakleaze katten yn 'e omkriten fan Lúnbert by It Hearrefean kinne terjochte yn in nije opfang. It asyl waard sneon iepene. It gebou is sa'n 20 meter lang, hat flierferwaarming en glêde muorren.

De âlde opfang begûn 25 jier ferlyn by in partikulier. Frou Rozema is katteleafhawwer en se hie in grutte souder. Dêr sieten op in stuit wol 33 katten. Yn de nije situaasje hawwe de katten alle romte dy't se nedich hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)