'Feart Idaerd moat djipper'

15 maaie 2010 - 12:46

De gemeente Boarnsterhim moat de Idaerder feart útbaggerje. Dat fynt de aksjegroep 'Idaerder Feart moat bliuwe'. De groep sil kommende wike tiisdei in petysje mei hantekenings oanbiede oan boargemaster en wethâlders. Dy komme dan op besite yn it doarp.

De ynwenners kinne no mar dreech mei de boat fan it doarp nei de fierderop lizzende Wergeasterfeart farre. Se easkje dat de gemeente de feart gau djipper makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)