Dronkenman oan ferkearde adres

15 maaie 2010 - 12:32
  • West-Skylge (Foto: Omrop Fryslân)

In dronken man út Almere hat foar opskuor soarge op Skylge omdat er him fersinde yn it fakânsje-adres. Hy sloech midden yn 'e nacht op 'e ruten fan in húske oan 'e Burgemeester van Heusdenweg op West.

Twa gasten waarden wekker en stjoerden de man fuort. Dat wegere er en de plysje waard derby roppen. Bliken die dat de man net snapte dat er der net yn mocht. Mei in bekeuring foar iepenbiere dronkenskip is er nei syn eigen húske brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)