Jubileum Alvestêderoeiers

De Alvestêderoeimaraton is freedtejûn yn Ljouwert fan start gien. Ek dit jier dogge der wer hûnderten binnen- en bûtenlânske teams mei oan it evenemint dat foar de 25e kear hâlden wurdt.
Bysûnder oan de jubileumedysje is dat dizze gjin 200 kilometer is, lyk as oare jierren, mar 207 kilometer. De winners wurde oan it begjin fan sneontemiddei werom ferwachte yn de Prinsetún yn Ljouwert.