Besparring op poatbekappen

14 maaie 2010 - 19:05

Boeren kinne mei help fan in kompjûter jild besparje by it poatbekappen. Boerehelp AB-Fryslân hat in programma ûntwikkele dat boeren ynsjoch jout yn hoe't de klauwen fan de kij der oan ta binne.

De poatbekapper fiert by syn wurk fuortendaliks de gegevens oer de poat yn, dy't hy tsjin komt. De boer kin dy op ynternet besjen en beslisse as in ko behannele wurde moat. It kin de boeren goed fyftich euro oan medyske kosten de ko besparje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)