Batavus hopet op WK fytsen

Batavus
Fytsefabrikant Batavus fan It Hearrenfean ferwachtet ein dit jier mear te hearren oer de twa miljoen fytsen dy't beskikber steld wurde as it WK-fuotbal yn 2018 of 2022 yn Nederlân en België holden wurdt. Begjin desimber wurdt troch de wrâldfuotbalorganisaasje nammentlik de beslissing naam.
Direkteur Beset fan Batavus lit witte dat ûnder oare gebrûk makke wurde sil fan fytsen dy't al beskikber binne foar ferskate fytsprojekten.