Wrâldrekôr hoelahoepen

14 maaie 2010 - 17:08

Seishûndert jongeren besochten freed it wrâldrekôr hoelahoepen te ferbetterjen. Ien minút lang moasten se de hoepels om de heupen draaie litte om yn it Guinness Book of Records te kommen.

Dy rekôrpoging wie de iepening fan it teenerevenemint Square fan de Betheltsjerke út Drachten. It âlde wrâldrekôr stiet op 342 minsken. Sneon wurdt bekend oft it slagge is in nij rekôr te fêstigjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)