Driuwende rekreaasjewenten

14 maaie 2010 - 15:49

Op Urk is freed troch deputearre Jannewietske de Vries de kyl lein fan in nij soarte rekreaasjewente. It giet dêrby om in driuwend rekreaasje-eilân yn de foarm fan in pompeblêd dêr't op wenne wurde kin. De bedoeling is om hûnderten fan dizze wenten te bouwen en in plakje te jaan yn Fryslan.

It giet om wenten dy't harsels foarsjen kinne en dy't ynpast wurde yn it lânskip. De earste proefwente komt fan it simmer yn Snits te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)