Agressive jongeren stelle fyts
Trije jongeren út Aldehaske en It Hearrenfean hawwe ôfrûne nacht mei geweld de fyts stellen fan in 16-jierrige ynwenner fan It Fean. Dy lêste melde dat by surveillearjende plysjes.
De plysjes koene it trio oanhâlde en oerbringe nei it plysjeburo. Se binne op it plysjeburo ynsletten foar neier ûndersyk.