Man jout net om sizzen

14 maaie 2010 - 14:08

De plysje hat tongersdeitenacht it rydbewiis fan in man út Eastermar (25) ynnaam. De man wie earder dy nacht kontrolearre op de Koekoekswein yn Sumar. Hy joech doe in falske namme op, de aginten kamen al gau achter de wiere identiteit fan de man. Doe die bliken dat de man net autoride mocht om't er gjin rydbewiis hat.

De plysje prate mei him ôf dat er de auto stean litte soe. Letter dy nacht seagen se him dochs riden op de Teije Tolstjritte yn Eastermar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)