Rydbewiis Snitser ynnaam

It rydbewiis fan in 25-jierrige man út Snits is tongersdeitenacht ynnaam. De plysje trof de man oan op de flechtstripe fan de A7 by Nijehaske. Hy wie 180 graden draaid, wie mislik en hie pyn yn 'e nekke.
De man is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Der waard in bloedproef by him ôfnaam en dêrút die bliken dat er tefolle dronken hie. Hy hat in rydferbod en proses-ferbaal krigen. Ek is syn rydbewiis ynnaam.