Brommerrider 4 kear op de bon

14 maaie 2010 - 13:58

In brommerrider (25) fan It Fean hat fan de plysje fjouwer bekeurings krigen. De man ried tongersdeitenacht mei in passazjier troch Drachten. Hy foel op om't er hurd ried en gjin helm droech. De man negearde ferskate kearen de stoptekens fan de plysje, mar koe letter dochs oanhâlden wurden.

Hy krige in bon foar riden sûnder rydbewiis, mei drank op, riden sûnder helm op en it negearen fan stoptekens. Ek syn passazjier krige in bon om't er gjin helm op hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)