Himpkwekerij oprôle op It Fean
De plysje hat tongersdei in himpkwekerij oprôle yn in hûs oan de Surinamestrjitte op It Hearrenfean. De kwekerij waard ûntdutsen troch meiwurkers fan in enerzjybedriuw, nei in stroomsteuring yn de strjitte.
Yn de kwekerij stiene goed 500 planten. Dy binne mei de byhearrende apparatuer ferneatige. De bewenner moat noch heard wurde troch de plysje.