Pake Sytse as iepenloftspul

14 maaie 2010 - 11:57

It skriuwersarkje fan Rink van der Velde by De Feanhoop is yn septimber it poadium fan in iepenloftstik fan de roman Pake Sytse fan Rink van der Velde. It publyk komt op tribunes yn it wetter foar it arkje te sitten.

Utjouwer Steven Sterk is de betinker fan it spektakel. Mei regisseur Romke Toering bewurke hy it populêre boek ta in toanielfoarstelling, mei Freark Smink yn de rol fan Pake Sytse. Om út de kosten te kommen binne acht foarstellings nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)