Oanpassings NW-tangint

14 maaie 2010 - 11:10

It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan Menameradiel wol dochs wer meiwurkje oan it Noardwest-tangint. Nei't de provinsje oanpassings dien hie oan it trajekt hie de gemeente in tariedingsbeslút yntsjinne om't se it net iens wiene mei dy oanpassings.

Nei oerlis mei de provinsje binne guon saken wer oanpast en no wol it kolleezje dochs wol wer meiwurkje. Op 20 maaie sil de gemeenteried dêroer beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)