Minnertsgea wint keatsen

14 maaie 2010 - 09:58
  • It winnende partoer (foto: Henk Bootsma)
  • (foto: Henk Bootsma)

De ôfdieling Minnertsgea hat tongersdei de tradisjonele ôfdielingswedstriid keatsen yn Tsjummearum wûn. Foarich jier wie it Minnertsgeaster trio ek al nûmer ien. Der diene tongersdei 44 partoeren mei.

Yn de finale wûnen Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra mei 5-4 en 6-2 fan it partoer fan Hijum/Feinsum mei Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Helmer Hofman. De tredde priis wie foar Dronryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)