Doarpshûs iepen foar rou

14 maaie 2010 - 08:48
  • De flagge healstôk by De Schalmei

Doarpshûs De Schalmei yn Hurdegaryp iepene freedtemiddei de doarren om stil te stean by it ferstjerren fan in echtpear út it doarp. By de fleanramp yn Libië kamen woansdei Marten en Janneke Pijlman út it doarp om it libben.

It ministearje fan Bûtenlânske Saken hat de identiteit noch net offisjeel befêstige. Fan fiif oere ôf koe elk yn it doarpshûs telâne om oer it ferlies te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)