Prima omstannichheden HT-race

14 maaie 2010 - 07:02

De waarsomstannigheden foar de HT-race binne goed. Freed om healwei alven setten 130 sloepen útein mei de roeirace tusken Harns en Skylge. It is neffens de organisaasje fan de tocht goed waar foar de race, it is net te waarm en net te kâld en it waait net hiel hurd.

Wol komt de wyn út it noardwesten en dus sille de roeiers noch wol flink oan de bak moatte. Oardel oere nei de start wurde de earste roeiers op Skylge ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)