Protest Kredietbank oer brief

13 maaie 2010 - 18:30

De Kredietbank yn Ljouwert protestearret by Fryske gemeenten tsjin in brief fan Peter Westen út Havelte, dy't seit dat hy minsken folle better en goedkeaper út de skulden helpe kin as de kredytbank.

Hy hat alle fraksjefoarsitters in brief skreaun. Dêryn seit er dat der in soad dingen misgean by it helpen fan minsken mei skulden. Sa soe mar 9 persint fan alle minsken úteinlik echt holpen wurde. Direkteur Ger Jaarsma fan 'e Kredietbank bestriidt dat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)