15.000 besikers Heechspanning

13 maaie 2010 - 18:10
  • It Heechspanning-festival luts tongersdei 15.000 besikers (foto: organisaasje Heechspanning)

It Heechspanning-festival yn Heech tongersdei hat in lytse 15.000 besikers lutsen. Dat is mear as oare jierren. Neffens de organisaasje wurdt it festival hieltyd grutter. Der wiene ûnder oare optredens fan de Fryske band De Hûnekop en sjonger Bert Heerink.

Der wiene ek in soad teateracts dy't troch it doarp hinne rûnen. Oan it begjin fan de middei wiene alle parkearterreinen fol en moast der yn Heech sels socht wurde nei parkearromte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)