Smidstra wint Twirreloop
Hurdrinner Franke Smidstra hat woansdeitejûn yn Wytgaard de 10,2 kilometer lange Twirreloop wûn. It talint út Ljouwert wie op de streek 38 sekonden rapper as Hero Polet út Snits. Eelco Hoogeveen út Blije waard tredde.
By de froulju wûn Liesbeth Andreae út Húns. De 14,2 kilometer waard wûn troch Jort van Zutphen. De Weidumer hie 45 sekonden foarsprong op Adrie Boermans.