Blomkemerk Ljouwert wer drok

13 maaie 2010 - 14:08
  • It wie wer drok op de blomkemerk yn Ljouwert
  • In hiele sjou

De tradisjonele blomkemerk yn de binnenstêd fan Ljouwert luts tongersdei wer tûzenen minsken. Op de Lange Marktstrjitte en de Tesselschadestrjitte hiene tsientallen blommeferkeapers harren guod útstald. Se komme út it hiele lân wei. Sa stie der sels in ferkeaper út Brabân.

Populêr dit jier wiene de strûken foar yn de tún en fruitbeammen. Ek de fioeltsjes en roazen waarden goed ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)