Topdrokte by Tichelaar Makkum

13 maaie 2010 - 13:54

Topdrokte by Keninklike Tichelaar yn Makkum. Foar de twadde kear yn it mear as 400 jierrich bestean hold it fabryk útferkeap. De ôfset fan it tradisjonele ierdewurk is bot ôfnaam en dêrom wol it bedriuw romte frijmeitsje foar moderner ierdewurk.

Tradisjoniel ierdewurk sil ek net langer yn winkels te keap lizze, útsein yn de eigen fabrykswinkel yn Makkum. De âlde foarried giet dêrom no foar de helte fan de priis de doar út. De útferkeap is ek op freed en sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)