Foarstel oer erfpacht eilannen

13 maaie 2010 - 11:42

De pachters op de waadeilannen ha Steatsboskbehear in kompromis-útstel dien oer de ferheging fan de erfpacht. De eilanners wolle dat de boskwachters it saneamde Haagse model brûke. Dêrby wurdt rekken holden mei de WOZ-wearde fan it hûs en dêr dan wer in persintaazje fan.

Ek moat it mooglik wurde de erfpacht ôf te keapjen. As it hûs ferkocht wurdt hat Steatsboskbehear it rjocht de pachtprizen wer oan te passen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)