Ljouwert hieltyd feiliger

12 maaie 2010 - 23:01

Ljouwert wurdt hieltyd feiliger. Ut sifers fan de plysje, de gemeente Ljouwert en it iepenbier minstearje docht bliken dat de kriminaliteit yn de Fryske haadstêd ferline jier nei ûnderen gien is. Der wiene minder meldingen fan ynbraken, dieverij en geweldsdelikten.

Wol wiene der mear oerfallen op winkels. Ek de oerlêst fan jongeren naam ta. In team fan de gemeente sil yn petear mei jongeren dy't foar oerlêst soargje om dat tsjin te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)