Arriva wint treinkonsesje

12 maaie 2010 - 20:39

Ferfiersbedriuw Arriva mei it treinferfier op de trajekten Swolle-Emmen en Almelo-Mariënberg fersoargje. It giet om in konsesje fan 300 miljoen euro. Fan desimber 2012 ôf sil Arriva ride tusken Swolle en Emmen. Fan desimber 2013 ôf komt it trajekt Almelo-Mariënberg derby. Arriva wol nije treinen ynsette en ek faker treinen ride litte.

It winnen fan de oanbesteging smyt mooglik ek nije banen op op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)