Miljeufergunning REC akkoart

12 maaie 2010 - 18:47

De provinsje Fryslân nimt de nije oanfraach foar de miljeufergunning fan de ôffalferwurker fan Omrin yn Harns fierder yn behanneling. De oanfolling dy't Omrin yntsjinne hat, is troch de provinsje goedkard. Dêryn stiet nije ynformaasje oer de geurhinder en binne nije berekkeningen makke oer de fersprieding fan stoffen yn de lucht.

Omrin hie foar 26 april in nije oanfraach dwaan moatten mar wie te let. De provinsje hie al in twangsom klearlizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)