Dokkum better promoatsje

Boargemaster Waanders oan de oester
De promoasje fan Dokkum moat better. Dat fine ûndernimmers, VVV en de Stichting Stadsfeesten Dokkum. Mei in nije stichting moat de stêd better op de kaart set wurde.
De stichting wol mei aktiviteiten Dokkum oantrekliker meitsje foar toeristen, bedriuwen en nije bewenners. De stichting wurket gear mei de gemeente. By it begjin wiene Japanske oesters út de Waadsee te priuwen. It earste evenemint is sneon 29 maaie mei in rally en oesters.