Nije jiskeweinen te grut

Dantumadiel nimt maatregels yn de strjitten dêr't de nije jiskeweinen net komme kinne. Dat seit wethâlder Bos. De nije jiskeweinen binne krekt wat grutter as de âlde. Fiif strjitten binne ûnberikber wurden.
Neffens guon riedsleden giet it om 15 strjitten yn de hiele gemeente. Foar de bewenners fan dy strjitte betsjut it dat se in stik fierder rinne moatte mei de kontainer. Mooglik binne ûndergrûnse kontainers in oplossing. De wethâlder sil mei bewenners prate.