Timmer fuort by SC Hearrenfean

SC Hearrenfean giet net fierder mei Henk Timmer. Foar de keeper, dy't de lêste moannen ûnder de latte stie, is gjin plak mear. Neffens direkteur Yme Kuiper hat Hearrenfean genôch keepers foar takom jier. Brian Vandenbussche, Kenny Steppe en Harmen Zeinstra ha noch in trochrinnend kontrakt. Oer Martin Lejsal, dy't hierd wurdt, is noch gjin beslút naam.
Foar Henk Timmer betsjut dit wierskynlik dat hy no definityf ôfskie nimme moat fan it betelle fuotbal.