Tsjûgen Opel Astra melde har

12 maaie 2010 - 13:38

It ûndersyk nei de fjochtpartijen by Club Q smyt hieltyd mear risseltaat op foar de plysje. Nei in oprop fan de plysje op You Tube en ynternet ha twa Ljouwerters (29 en 37) har melden om't se mooglik mear fertelle kinne.

De manlju sieten yn in Opel Astra. By de fjochtpartijen ferstoar Redmar Smedema út Burgum en rekke Gerard Dijkstra fan Damwâld swier ferwûne. De tsjûgen soene fral mear sizze kinne oer de rúzje dêr't Dijkstra by belutsen wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)