Tee drinke yn lykhúske

12 maaie 2010 - 12:06

It Noarderbegraafplak yn Ljouwert krijt nei jierren fan plannemakkerij in eigen teehús. De gemeente Ljouwert hat dêrfoar it eardere lykhúske yn brûklien jûn oan de Stichting Theehuis Leeuwarden. Dat wurdt no ferboud ta teehûs.

Sûnt ferline jier hat de stichting al alle sneinen in teehûs iepen yn 'e aula fan it begraafplak. Neffens de inisjatyfnimmers is dat in súkses. De teeskinkerij yn it lykhúske moat ein juny iepen wêze foar publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)