Jild foar ATF-slachtoffers

12 maaie 2010 - 11:55
  • Foto: Omrop Fryslân

In groep minsken mei slimme sûnensklachten troch de ATF-brân krije jild fan 'e fersekerder fan 'e ôffalferwurker ATF. Dat seit advokaat Klijnsma út Ljouwert. Hy helpt fjirtjin slachtoffers fan 'e brân. It giet om minsken dy't by it ûntstean fan 'e brân yn 'e buert wiene, lykas wurknimmers fan omlizzende bedriuwen, mar ek plysje -en brânwachtminsken.

It is woansdei op 'e kop ôf tsien jier ferlyn dat de gemyske opslach fan ATF yn Drachten ôfbaarnde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)