Ynbrekker pakt yn Easterein

12 maaie 2010 - 10:05

Yn Easterein is in man fan 34 jier út Arnhem oppakt foar ynbrekkerij. De plysje hie in tip oer in ynbraak by in bedriuw yn it doarp krige. De eigner en syn soan wiene de ynbrekkers oer it mad kaam. Dy wiene útnaaid yn in auto. De eigner hie se noch achternei sitten, mar wie se kwytrekke.

Plysjes fûnen de auto op 'e Skippersbuorren. Yn 'e laadbak lei stellen guod. Ien fan 'e ynbrekkers koe flakby oanhâlden wurde, syn maten binne noch spoarleas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)