Turntrainer nije coach keatsen

12 maaie 2010 - 09:48

Turntrainer Tjalling fan den Berg wurdt de nije bûnscoach foar it keatsen. Hy hat woansdei in kontrakt foar in jier tekene by keatsbûn KNKB.

De turntrainer hat al earder bûnscoach fan it keatsbûn west. Sûnt ferline jier hat de CIOS-sportoplieding op It Hearrenfean ek in keatsoplieding. Van den Berg is dêr de inisjatyfnimmer fan. Hy wol it keatsen oantrekliker meitsje foar de jongerein. Hieltyd minder jeugd docht oan keatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)