Fraachtekens by loverboyboek

De skriuwster Maria Mosterd hat yn har boek 'Echte mannen eten geen kaas' oer loverboys in hiel soad dingen betocht of oerdreaun. Saakkundigen hawwe oantoand dat guon saken út it boek net wier wêze kinne.
Opfangorganisaasje Fier Fryslân heart ek wolris ferhalen fan famkes oer loverboys dêr't se fraachtekens by sette. Mar sokke famkes hawwe faak wol in reden om dat te dwaan. It is faak it ferbergjen fan oare saken of se hawwe psychyske problemen