Ljouwert yn it tsjuster

11 maaie 2010 - 21:08

Ljouwert wurdt de kommende moannen in stik tsjusterder. De gemeente hellet mear as tûzen lantearnepeallen fuort. By wize fan proef bart dit op 14 plakken yn de stêd. It giet dan om plakken dêr't ferljochting eins net nedich is, lykas in dyk dêr't allinne auto's ride. De feilichheid fan de bewenners mei der net ûnder lije. Ek wurde guon lampen ferfongen foar LED.

Nei in pear moanne krije bewenners de kâns om te sizzen wat se fan de yngrepen fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)