Epke net nei wedstriden Moskou

Epke hat tefolle lêst fan it skouder
Turner Epke Zonderland giet it kommend wykein net nei de wrâldbekerwedstriden yn Moskou. Epke hat tefolle lêst fan in skouderblessuere. Ferline moanne waard hy twadde op it EK yn Birmingham, doe hie hy ek al lêst fan it skouder, mar koe de wedstriid wol ôfmeitsje.
Foar Nederlân geane no Jeffrey Wammes, Anthony van Assche en Bart Deurloo nei Moskou foar de wrâldbekerwedstriden. Hoe lang oft Epke út de rûlaasje wêze sil, is net bekend.