Aansichtkaarten wer teplak

11 maaie 2010 - 19:58

De Grouster dy't socht waard omdat hy op kenninginnedei yn Ljouwert in album mei aansichtkaarten fan Grou kocht is fûn. Neeltje van der Wal fan Snits socht him, omdat yn it album ek in los blêd mei kaarten siet dy't fan har mem wie en net bedoeld om te ferkeapjen.

Om de Grouster te finen die frou Van der Wal ferskate oproppen yn winkels, op websides en op Omrop Fryslân. Dy oproppen hawwe fertuten dien, want de Grouster hat him melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)