Hierwentekrapte yn Drachten

11 maaie 2010 - 17:03

Yn Drachten is in tekoart oan goedkeape hierwenten. In groep hierders sil tiisdeitejûn aksjefiere by de ynstallaasje fan de nije gemeenteried fan Smellingerlân. Se sitte mei de hannen yn it hier.

WoonFriesland seit genôch betelbere wenten te hawwen. Mar minsken dy't akút in wente hawwe moatte, bygelyks fanwege in skieding, wenje anty-kreak yn Drachten. Der sit ek in mem mei bern by. As dy huzen plat gean, stean se wer op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)