Twadde oanhâlding saak Club Q

De plysje hat tiisdei in twadde fertochte oanhâlden yn 'e saak Club Q. It giet om in 17-jierrige jonge út Feanwâlden. Hy is oproppen om op it plysjeburo te kommen. Dêr is er oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de fjochtpartijen yn Club Q yn Noardburgum.
Ofrûne snein is ek al in 18-jierrige ynwenner fan Damwâld oanhâlden. De plysje slút net út dat der noch mear oanhâldings folgje.