Wetterskip moat besunigje

11 maaie 2010 - 11:37
  • Foto: Omrop Fryslân

Wetterskip Fryslân moat de kommende jierren 10 miljoen euro besunigje. It wurk wurdt yn 'e takomst djoerder troch nije taken en troch achterstallich ûnderhâld.

Om dy ekstra kosten te dekken sûnder taryfferheging foar de boargers wol it Wetterskip ûnder oare besunigje op kosten foar de eigen organisaasje. Fierders wurdt it ûnderhâld oan gemalen en kaden sa folle mooglik útsteld en komt der 14 miljoen út 'e reserves om de begrutting oan te foljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)